Omrop TIP: In fleanende start!

01 jan 2021 - 13:00

Yn it programma In fleanende start! sjocht Omrop Fryslân foarút op 2021; wat bringt dit nije jier? Mei in ferskaat oan gasten sjogge we nei saken as de ferkiezingen en it nije Cambuurstadion. Presintator is Jan Dirk de Haan.

Foto: Omrop Fryslân

In soad oer 2021 is noch ûnwis. Hoe giet it fierder mei de coronakrisis? Bringe de nij ûntwikkele faksins gau ferbettering? Saken dêr't noch dreech wat oer te sizzen is. It programma In fleanende start! rjochtet him dêrom op saken dy't wat fleuriger en minder ûnwis binne.

Ferslachjouwers Aukje de Hoop en Geert van Tuinen geane op 'en paad om de termometer te stekken yn it nije jier.

It jier 2021 is in ferkiezingsjier. Femke Wiersma is de nûmer twa fan de BoerBurgerBeweging. Wat binne har kânsen dit jier? Topkok Jan Smink hopet dat hy wer meidwaan kin oan de ynternasjonale itensiederswedstriid yn Parys: Le Taittinger Prix Culinaire International. Hy sprekt syn ferwachtingen út. En 2021 liket ek in wichtich jier te wurden foar it nije Cambuurstadion. Bouwer Biense Dijkstra sjocht foarút.

Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

Yn de studio ûntfangt presintator Jan Dirk de Haan in oantal gasten, wêrûnder it Ljouwerter Twadde Keamerlid Harry van der Molen fan it CDA. Hy stiet op in prominint njoggende plak op de list by de kommende ferkiezings.

En ek te gast: Ingrid Spijkers, haadredakteur fan Omrop Fryslân. Yn desimber 2019 begûn sy oan har nije funksje en hie har 2020 wierskynlik hiel oars foarsteld. Tagelyk: sjoernalistyk wie it wol hiel nijsgjirrich. En se hat folop plannen foar 2021.

It programma In fleanende start! is op radio te hearren fan 13.00 oant 18.00 oere. It is ek te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)