It byld fan de Blauwe Hûn yn Burgum is fernield

01 jan 2021 - 11:42

It byld fan de Blauwe Hûn is yn de âldjiersnacht by it plysjeburo yn Burgum fernield.

Foto: SRFotografie

It byld stie dêr nei't it ferline wike as nijjiersstunt stellen wie út de brûnsjitterij yn Cuijk dêr't it yn brûns getten wurde soe.

It byld is makke troch keunstnersduo Albert Dedden en Paul Keizer fan Deventer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)