Drokte by dokterswacht yn âldjiersnacht; sikehuzen like drok as oars

De âldjiersnacht brocht in soad drokte foar de helptsjinsten. Dat meldt Veiligheidsregio Fryslân út namme fan de sikehuzen, ambulânsetsjinsten, dokterswacht en brânwacht.
© De Vries Media
De dokterswacht krige foaral in protte meldings út it noarden fan de provinsje en út Ljouwert. Dy hiene faker te krijen mei fjochtpartijtsjes as mei fjoerwurk. De Fryske sikehuzen hiene it ûngefear like drok as oare jierren. In lyts tal meldings hie mei fjoerwurk of karbid te meitsjen. By sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean wie ien fjoerwurkslachtoffer en fiif oare meldings dy't mei âld en nij te krijen hiene. De Fryske sikehuzen meitsje gjin meldings fan agressy of geweld tsjin helpferlieners.

Brânwacht

De brânwacht yn Fryslân is op âldjiersdei en -nacht 76 kear nei in brân gien, dat is wat minder as ferline jier. Yn 2019 wie it 83 kear, it jier dêrfoar 96 kear. Neffens Wim Kleinhuis fan de Veiligheidsregio hat de brânwacht it de hiele nacht drok hân mei it útmeitsjen fan brannen. Ek binne brânwachtminsken lestich fallen yn har wurk, se binne bygelyks bekûgele mei fjoerwurk of bierfleskes.

Karbidkanon

It grutste ynsidint wie op De Jouwer. Oan de Tolhûswei is op âldjiersjûn in karbidkanon ôfsketten. Dêrby binne de ruten fan Hotel Anne-Klare sprongen. Ek in wenhûs hie skea, krekt as de pannen fan 't Stokertje en de biowinkel. Yn Minnertsgea rekken plysjeweinen slim skansearre troch fjoerwurk.

ME

De ME (Mobiele Eenheid) is op ferskate plakken ynset. Yn Ljouwert is in groep út inoar dreaun troch ynset fan de ME. Meardere minsken binne oanhâlden. Ek yn Nijhoarne kearde in grutte groep him tsjin de plysje dêr't de ME yn aksje komme moast. In plysjewein en in ME-buske rekken skansearre troch fjoerwurk. Yn Marrum kaam de ME yn aksje nei't de brânwacht hindere waard by har wurk.
© SRFotografie

Dûbeld gefoel

Wim Kleinhuis fan de Veiligheidsregio hat in dûbeld gefoel oer âldjiersnacht. "It wie relatyf rêstich, al fyn ik tachtich ynsidinten noch wol in soad. Mar wêr't ik echt net by kin, is it geweld tsjin de helptsjinsten. Dat minsken fan de brânwacht bekûgele binne mei fjoerwurk, bierfleskes en stiennen. Dat binne minsken út it eigen doarp dêr'tst dat dan by dochst. Dêr snap ik neat fan. Dat hat oare jierren net sa west, it is dit jier wol út de hân rûn. Dit moatte we net akseptearje."
Hy docht de oprop ek oan de doarpen om dat takom jier oars oan te pakken. "Yn Marrum wie it echt ferfelend en Aldegea ek. Dêr is de brânwacht weromgien om te wachtsjen op de plysje om dan pas har wurk dwaan te kinnen. It kin ek oars. Yn Aldwâld hat de brânwacht mei de jeugd in yn de brân stutsen caravan blust."

Noed oer corona

Hy hat noed oer de coronabesmettingen. "We sjogge toch dat minsken by elkoar kamen yn groepen. Dus we meitsje ús soargen dat der oer in wike of tsien dagen wol wer mear besmettingen binne. Minsken ha gewoan net yn de gaten hoe maklik it firus oerspringt. We ha hiele grutte groepen by inoar sjoen, dy't har nergens oan steurden. Dat sil weromkomme yn de sifers. We binne oan it sjen hoe't we út de lockdown komme, mar dêr helpt dit net by. Dat minsken har net hâlde oan de coronaregels, fyn ik teloarstellend. It is yn ús eigen belang."
Wim Kleinhuis