Gjin stunt, mar sjampanje by âldjiersploech Vesuvius yn Elslo

01 jan 2021 - 09:27

Troch corona moasten de âldjiersploegen yn Fryslân harren aktiviteiten dit kear oars oanpakke. Fansels sûnder kloften minsken dy't elkoar by in stunt treffe. Sa ek by Vesuvius yn it Eaststellingwerver Elslo.

Foto: Facebook Vesuvius

"Met twee boerenwagens achter een auto zijn vannacht we door het dorp gereden. Op de wagen was een soort kooi gebouwd en via een geluidswagen hadden we gevraagd of bewoners om middernacht naar buiten wilden komen. Zo konden we met een glaasje champagne elkaar een beter 2021 wensen", fertelt Hendrik Betten fan âldjiersploech Vesuvius.

Troch corona koe de ploech tal fan aktiviteiten net trochgean litte. "Er was geen toneelstuk, en natuurlijk ook geen oudejaarsstunt. De plannen die we hadden gemaakt, bewaren we voor een volgende keer."

Oerdeis hat de ploech by santich-plussers delset om ûndersetters út te dielen. "Normaal gingen we altijd naar binnen, maar dat kon niet en nu stonden we buiten met elkaar te praten. De reacties in het dorp waren positief. Men vond het mooi dat Vesuvius aandacht besteedt aan het dorp en zich laat zien."

Ek sil de ploech op 3 jannewaris noch kado's besoargje by ferieningen en ynstânsjes.

Hendrik Betten

(Advertinsje)
(Advertinsje)