Boargemaster Oosterman tefreden oer rêstige âldjiersnacht yn Eaststellingwerf

Foar boargemaster Harry Oosterman wie it syn lêste jierwiksel yn Eaststellingwerf. Hy hâldt der 1 augustus fan dit nije jier mei op. Dat it in bysûndere jierwiksel wurde soe, stie yn it foar al fêst, want fan normale feesten of grutte fjoerwurkspektakels koe gjin sprake wêze, fanwegen de coronamaatregels.
© Gemeente Eaststellingwerf
"Neffens de plysje wie it skraabjen om wat te finen, sa rêstich wie it yn de gemeente", sei boargemaster Harry Oosterman. "Der wienen in pear brantsjes en in ynsidint yn de relasjonele sfear, mar oer it generaal wie it rêstiger as oars."
De boargemaster hat sels yn Appelskea west. "Ik ha in rûntsje riden en hie de ruten iepen, mar hearde amper fjoerwurk." Hy is bliid dat de minsken har meastentiids oan de regels hâlden hawwe. "By in fjoerkoer hjir en dêr stienen sa no en dan wolris wat tefolle minsken by elkoar."
Dat it syn lêste âldjiersnacht as boargemaster wie, hat er noch wol oan tocht. "As ik takom jier gjin boargemaster mear bin, sil it pas echt dúdlik wêze hoe't dat fielt. Ik bin no noch net mankelyk. Ik gean noch sân moannen troch."
Harry Oosterman