Kollum: "Sukses!"

01 jan 2021 - 08:29

"En dan ynienen binne we samar wer 1 jannewaris! Ik fyn it altyd mar in nuvere dei. In nij begjin mei goede foarnimmens en nije doelen, wylst it âlde noch sa farsk is en wat wie 2020 in nuver jier! Foar de ien in drama, foar de oar in sukses en dêr tuskenyn wie fan alles mooglik. It wie ek in jier fan tsjinstellingen en ik bin bang dat we dy dit jier ek noch in moai skoft hâlde.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Foar de minsken dy't slim troffen binne troch it firus wie it ôfrûne jier in oare belibbing as foar de lju dy't tinke dat it net bestiet. Dochs hawwe sy it der miskien wol like drok mei hân. Om alle websiden út te plúzjen foar bewiis dat it mar in grypke is én dêrneist ek noch demonstraasjes te organisearjen, kostet grif in soad tiid en enerzjy. Dat jildt ek foar de minsken dy't ynienen gjin ynkommen mear hiene en de eintsjes oan elkoar knoopje moatte. Mar in moai skoft op de IC lizze en dêrnei alles op 'e nij leare moatte, is ek net samar klear.

En wannear is wat in sukses? Ast de taspraak fan Rutte fersteurd hast mei potten en pannen of ast yn 'e refalidaasje wer in kniper op in stokje krije kinst? Yn ús maatskippij wurdt sukses ek gauris keppele oan sifers en ekonomyske groei. Yn dat gefal ha de supermerken grif in topjier hân en de fabrikanten fan hângel en mûlkapkes ek. En as de sifers oangeande it firus sakje, dan neame se de lockdown slagge wylst it dochs echt minsken fan fleis en bloed binne dy't siik wurde of ferstjerre.

Wat betsjut sukses foar dy en wêr bist grutsk op? Dat fyn ik wol in moaie fraach om it nije jier mei te begjinnen. Doe't ik neitocht oer wat sukses foar my betsjut, koe ik eins mar ien ding betinke: Dat ik nearne spyt fan ha op myn stjerbêd. En doe kaam tagelyk it besef dat as ik no op de IC telâne komme soe en de dokters de moed ferlieze, it libben foar my suksesfol west hat. Ik ha gjin spyt fan dingen dy't ik al of noch net dien ha en eins wie ik wol bliid mei dizze konklúzje.

Oant no ta ha ik myn hert folge, mei in moaie húshâlding ta gefolch. Ik bin wiis mei myn famylje en skoanfamylje en ek mei it feit dat ik myn kreativiteit omsetten kinnen ha yn boeken, ferhalen, toanielstikken en kollums. En ek al soe in J.K. Rowling wierskynlik net iens fan bêd komme foar de ferkeapsifers fan al myn boeken by elkoar, foar Fryske begripen giet it goed. En ek al sil ik der noait miljonêr mei wurde, ik bin der riker troch wurden oangeande ûnderfiningen en aardige minsken dy't ik kennen leard ha.

Sukses hawwe is wat persoanliks want wat foar dy wichtich is, seit de buorman miskien wol hielendal neat. It is dus eins ek net te mjitten, want wannear giet it immen foar de wyn? As hy of sy yn in djoere auto rydt? Dat soe samar kinne, as dy persoan dêr gelokkich fan wurdt, mar soks kin likegoed yn in âlde DAF.

Ik hoopje dat 2021 it jier wurdt wêryn't we it firus ûnder kontrôle krije en we allegear wer in bytsje wizer wurde. Dat we witte wa't we binne, wat we wolle en ús hert folgje yn stee fan de mieningen, statistiken of ferwachtingen fan in oar. Neffens my is dat de basis is om fan goede foarnimmens en nije doelen echt in sukses te meitsjen.

De bêste winsken en litte we foaral grutsk wêze op elkoar én op ússels!"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)