Frachtwein útbaarnd yn Oerterp; plysje giet út fan brânstifting

01 jan 2021 - 07:38

Yn Oerterp is op nijjiersdei moarns betiid in frachtwein op it Lijteplein folslein útbaarnd. De plysje giet út fan brânstifting.

Foto: De Vries Media

By it bestriden fan it fjoer waarden omstanners op ôfstân hâlden. In berger sil de frachtwein letter fuortslepe.

Trefwurden: 
brân Oerterp
(Advertinsje)
(Advertinsje)