Hûs yn Langsweagen baarnt folslein ôf; bewenner rekket ferwûne

Yn Langsweagen is nijjiersdei moarns betiid in wenning oan de Wyngaerden folslein útbaarnd. De brânwacht krige flak foar seizen de melding. Doe't de brânwacht oankaam, stie it hiele hûs al yn ljochte lôge.
Hûs yn Langsweagen baarnt folslein ôf; bewenner rekket ferwûne
De bewenner koe op 'e tiid út 'e hûs komme. Hy wie ferwûne en is nei it sikehûs brocht. Ek is socht nei in frou dy't yn de wenning âld en nij fierde. Se wie yn panyk út it hûs rûn. Nei in skoft waard se fûn, se wie net ferwûne.
© De Vries Media
In oare man dy't yn in caravan op it hiem slepte, is wekker makke troch de helptsjinsten. Hy is neisjoen troch ambulânsemeiwurkers.
De wenning kin as ferlern beskôge wurde. It is net slagge om alle bisten út de wenning te krijen. Der kaam in soad reek frij by de brân. It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan de brân west hat.