Meardere arrestaasjes by ûngeregeldheden op Voorstreek yn Ljouwert

01 jan 2021 - 03:51

De plysje is nijjiersnacht yn Ljouwert manmachtich yn aksje kaam tsjin jongeren dy't fjoerwurk ôfstutsen en de plysje dêr mei bekûgelen. Ek de maresjaussee en de ME wiene dêr by. De grutste ûngeregeldheden diene him foar op en yn de omjouwing fan de Voorstreek.

Plysje yn aksje by ûngeregeldheden yn Ljouwert

Ferskate groepkes jongeren stutsen dêr knal- en sierfjoerwurk ôf, guon smieten mei nitraatbommen.

De plysje hat meardere oanhâldingen dien. Ek is immen te wetter rekke doe't de plysje him efterfolge. Oaren krigen de opdracht om troch te rinnen of fuort te gean, mar dat helle net sa folle út. As de plysje út sicht wie, waard der op 'e nij mei fjoerwurk smiten.

Boargemaster Buma kaam te plak om poalshichte te nimmen fan de situaasje.

Foto: CAMJO media
Trefwurden: 
Ljouwert Voorstreek
(Advertinsje)
(Advertinsje)