Persoan oanholden by stekynsidint by azc yn Sint-Anne
De plysje hat yn de nijjiersnacht in fertochte oanholden foar in stekynsidint by it azc yn Sint-Anne. Dat meldt de plysje. By it ynsidint rekke ien persoan lichtferwûne.
Wat der presys bard is by it azc en wat de rol fan de fertochte west hat, is noch net bekend.