Veiligheidsregio Fryslân sprekt nettsjinsteande ferskate ynsidinten fan "vrij rustige avond"

In wurdfierder fan de Veiligheidsregio Fryslân sprekt nettsjinsteande ferskate ynsidinten fan in "vrij rustige avond". Der wiene op âldjiersjûn bûtenbrannen yn ûnder mear Drachten, It Hearrenfean, Marrum, Kollum en Kollumersweach.
© Wikimedia Commons
Ek yn it sintrum fan Ljouwert wie it ûnrêstich. De plysje is dêr bekûgele mei swier fjoerwurk en glês. Op De Jouwer waard in karbidkanon ôfsketten, wêrby't ferskate gebouwen skansearre rekken.