Karbidkanon ôfsketten yn sintrum De Jouwer: "Wonder dat er geen doden zijn gevallen"

01 jan 2021 - 12:00

Yn it sintrum fan De Jouwer oan de Tolhûswei is op âldjiersjûn in karbidkanon ôfsketten. Dêrby binne de ruten fan Hotel Anne-Klare sprongen. Ek in wenhûs hat skea, krekt as de pannen fan 't Stokertje en de biowinkel.

Bylden fan Ring fan it Carbidkanon

Neffens in omstanner waard it kanon ôfsketten troch in groep fan likernôch seis minsken. It kanon stie op in karke efter in wite Volkswagen Polo. Foar eigener Ardi Anker hie it nije jier net slimmer begjinne kinnen. "Het is waardeloos en een enorme schok, eigenlijk is het een wonder dat er geen doden zijn gevallen."

De eigeners fan de pannen tinke dat de skea yn de tsientûzenen euro's rint. Der wurdt oanjefte dien.

Ardi Anker, de eigener fan Hotel Anne-Klare - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(Advertinsje)
(Advertinsje)