Auto folslein útbrând neist Sintrale As by Burgum

31 des 2020 - 23:19

Yn de greide neist de Sintrale As by Burgum is op âldjiersjûn in auto folslein útbrând. De auto ried troch in greidlân nei de N356 en waard dêr yn brân stutsen. It soe gean om in sloopauto.

Foto: SRFotografie

De brânwacht hie muoite mei it iepenjen fan it stek om by it greidlân te kommen. It hek is iepensnien wêrnei de brân útmakke is.

De plysje docht ûndersyk nei de brân.

Trefwurden: 
brân Burgum Sintrale As
(Advertinsje)
(Advertinsje)