Aldjiersstunt Aldeberkeap: De Geitefok komt mei Jip-en-Jannekestatement

31 des 2020 - 21:54

Aldjiersferiening De Geitefok fan Aldeberkeap hat it byld fan Jip en Janneke út Zaltbommel wei helle. De stripfiguerkes rekken yn novimber yn opspraak om't sy stereotypearjend en rolbefêstigjend wêze soene. "Reden genoeg voor De Geitefok om de twee buurkinderen uit de bekende kinderverhalen van hun sokkel te halen," skriuwt De Geitefok.

Aldjiersstunt Aldeberkeap: De Geitefok komt mei Jip-en-Jannekestatement

De stunt hat wol in statement: it 'ikoanyske strip-duo' behâlde. Nederlân feroaret rap, sa lit Jan-Bart Hof as foarsitter fan De Geitefok witte. Dat Jip en Janneke no ek op de snijtafel lizze, dat giet neffens him krekt te fier. "We kijken soms met een schuin oog naar wat er zich in de Randstad afspeelt. Waar zijn ze toch mee bezig?! Wij Friezen zijn veel te nuchter voor dat soort onzin."

Jubileum

Mei de stunt fiert De Geitefok ek it 75-jierrich jubileum, it is dêrmei de âldste âldjiersferiening fan it lân. Hof sjocht it as kultureel erfgoed fan it Noarden. "Net als dat Jip en Janneke deel uitmaken van de landelijke Nederlandse cultuur. Wie is er niet groot mee geworden?"

De klup seit it byld fan Jip en Janneke yn it nije jier wer skjin en hiel werom te bringen. "En als ze het niet terug willen hebben, dan krijgt het een mooie plek in Oldeberkoop," seit Hof.

(Advertinsje)
(Advertinsje)