Liveblog | 1 jannewaris 2021

Dit barde der yn de nijjiersnacht yn Fryslân

Wat is der op âldjiersjûn allegearre yn de provinsje Fryslân te rêden? Folgje it yn dit liveblog.
Lêst bywurke: 1 jannewaris 2021, 05:29
freed 1 jannewaris 2021
05:30

Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog.
It belangrykste nijs op in rychje:
04:07

Foarwerp nei binnen smiten by plysjeburo Dokkum

By it plysjeburo fan Noardeast-Fryslân yn Dokkum is mooglik in brânend foarwerp nei binnen smiten. De brânwacht waard krekt foar ienen alarmearre foar in brânmelding yn it plysjeburo. Al frij gau waard lykwols dúdlik dat der foar de brânwacht neat te rêden wie.
Neffens boarnen giet it om in fjoerwurk- of brânbom dy't rjochting of yn it plysjeburo smiten is. Oer de skea is op dit stuit neat bekend.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
03:37

Persoan oanholden by stekynsidint by azc yn Sint-Anne

De plysje hat yn de nijjiersnacht in fertochte oanholden foar in stekynsidint by it azc yn Sint-Anne. Dat meldt de plysje. By it ynsidint rekke ien persoan lichtferwûne.
03:07

Ferskate arrestaasjes yn Ljouwert

By ûngeregeldheden yn it sintrum fan Ljouwert binne ferskate arrestaasjes ferrjochte. Dat meldt de plysje. In groep mei jongerein smiet mei fjoerwurk en glês nei de plysje. De plysje wie manmachtich oanwêzich om de groep útinoar te krijen.
Ek boargemaster Buma fan Ljouwert kaam te plak om poalshichte te nimmen fan de situaasje.
02:58

Jonge ferwûne nei slach mei bierfleske

Yn Aldegea (Smellingerlân) is in jongen troch in ûnbekende dieder mei in bierfleske op syn holle slein. De plysje dy't oanwêzich wie fanwegen de ûngeregeldheden yn it doarp hat earste help ferliend. In ambulânse is ûnderweis om fierdere help te ferlienen.
© SRFotografie
02:23

Veiligheidsregio Fryslân: "Vrij rustige avond"

In wurdfierder fan de Veiligheidsregio Fryslân sprekt nettsjinsteande de ynsidinten fan in "vrij rustige avond".