Dit barde der yn de nijjiersnacht yn Fryslân
Wat is der op âldjiersjûn en nijjiersnacht allegearre yn de provinsje Fryslân te rêden? Folgje it yn dit liveblog.
- Op meardere plakken binne freugdefjurren makke of is guod yn 'e brân rekke: ûnder oare by Drachten, It Hearrenfean, Kollum, Kollumersweach, Eastermar en De Harkema;
- Yn it sintrum fan De Jouwer oan de Tolhûswei is op âldjiersjûn in karbidkanon ôfsketten. Dêrby hawwe ferskate gebouwen skea oprûn;
- By ûngeregeldheden yn it sintrum fan Ljouwert binne ferskate arrestaasjes ferrjochte;
- In wurdfierder fan de Veiligheidsregio Fryslân sprekt nettsjinsteande de ynsidinten fan in "vrij rustige avond";
- Aldjiersferiening De Geitefok hat in byld fan Jip en Janneke nei Aldeberkeap helle;
- By it plysjeburo fan Noardeast-Fryslân yn Dokkum is mooglik in brânend foarwerp nei binnen smiten.
Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog.
It belangrykste nijs op in rychje:
- Op meardere plakken binne freugdefjurren makke of is guod yn 'e brân rekke: ûnder oare by Drachten, It Hearrenfean, Kollum, Kollumersweach, Eastermar en De Harkema;
- Yn it sintrum fan De Jouwer oan de Tolhûswei is op âldjiersjûn in karbidkanon ôfsketten. Dêrby hawwe ferskate gebouwen skea oprûn;
- By ûngeregeldheden yn it sintrum fan Ljouwert binne ferskate arrestaasjes ferrjochte;
- In wurdfierder fan de Veiligheidsregio Fryslân sprekt nettsjinsteande de ynsidinten fan in "vrij rustige avond";
- Aldjiersferiening De Geitefok hat in byld fan Jip en Janneke nei Aldeberkeap helle;
- By it plysjeburo fan Noardeast-Fryslân yn Dokkum is mooglik in brânend foarwerp nei binnen smiten.
By it plysjeburo fan Noardeast-Fryslân yn Dokkum is mooglik in brânend foarwerp nei binnen smiten. De brânwacht waard krekt foar ienen alarmearre foar in brânmelding yn it plysjeburo. Al frij gau waard lykwols dúdlik dat der foar de brânwacht neat te rêden wie.
Neffens boarnen giet it om in fjoerwurk- of brânbom dy't rjochting of yn it plysjeburo smiten is. Oer de skea is op dit stuit neat bekend.
De plysje hat yn de nijjiersnacht in fertochte oanholden foar in stekynsidint by it azc yn Sint-Anne. Dat meldt de plysje. By it ynsidint rekke ien persoan lichtferwûne.
By ûngeregeldheden yn it sintrum fan Ljouwert binne ferskate arrestaasjes ferrjochte. Dat meldt de plysje. In groep mei jongerein smiet mei fjoerwurk en glês nei de plysje. De plysje wie manmachtich oanwêzich om de groep útinoar te krijen.
Ek boargemaster Buma fan Ljouwert kaam te plak om poalshichte te nimmen fan de situaasje.
In wurdfierder fan de Veiligheidsregio Fryslân sprekt nettsjinsteande de ynsidinten fan in "vrij rustige avond".