Karavan mei fjoerwurk yn ljochte lôge yn Kollumersweach

31 des 2020 - 20:29

Oan de Foarwei yn Kollumersweach stie in karavan yn 'e brân. Ut de karavan wei kamen knallen fan fjoerwurk. De brânwacht is nei it plak ta riden om it fjoer út te meitsjen. Brânwachtlju soene ek bekûgele wêze mei fjoerwurk.

Foto: Omrop Fryslân, Harm Weistra

De Foarwei is de dyk dy't dwers troch Kollumersweach rint, fan De Westereen nei Feankleaster.

(Advertinsje)
(Advertinsje)