Jongerein makket brânbult oan de Morra yn wenwyk op It Hearrenfean

31 des 2020 - 20:19

Op in fjild oan de Morra op It Hearrenfean hawwe jongelju in brânbult makke. It giet om in fjild yn in wenhiem yn wyk De Greiden, oan de westkant fan It Hearrenfean. De plysje en de brânwacht binne rap op it plak kaam.

Foto: CAMJO media

De brânwacht hat it fjoer útmakke en de plysje hat mei omwenners sprutsen oer de brânbult. It is net bekend oft der ek in straf oplein is.

Trefwurden: 
It Hearrenfean brân Morra bult
(Advertinsje)
(Advertinsje)