Fandalen yn Twizel ferniele autorút en smite fjoerwurk nei binnen

31 des 2020 - 20:10

Yn Twizel is troch fandalen fjoerwurk yn in auto smiten oan de Jan Ritskesstrjitte. Earst waard it rút fan de auto fernield, dêrnei is it fjoerwurk nei binnen smiten. Omdat it earst net dúdlik wie oft de wein dêrtroch ek yn 'e brân rekke wie, waard de brânwacht oproppen.

Foto: De Vries Media

It die bliken dat de wein net yn 'e brân stie, mar de auto rekke wol skansearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)