Warskôgingen foar mist en glêdens: KNMI jout koade giel foar Fryslân

31 des 2020 - 20:32

It KNMI warskôget foar tichte mist en hat foar Fryslân koade giel ôfjûn. Fanwege min sicht kinne der rydomstannichheden gefaarlik wêze. Neffens it KNMI kin de mist ferriedlik wêze om't it hommels opdûke kin. Fierder is der kâns op glêdens. Yntusken wurdt der op in soad plakken sâlt struid.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Meldkeamer Noard-Nederlân freget minsken om wach te wêzen, it rydgedrach oan te passen en goeie ferljochting te fieren. Ferskate gemeenten yn Fryslân hawwe al op sosjale media bekend makke te struien jûn. It giet ûnder oare om Ljouwert, Súdwest-Fryslân, Waadhoeke, De Fryske Marren en Eaststellingwerf.

Trefwurden: 
warskôging glêdens mist
(Advertinsje)
(Advertinsje)