Needbefel foar Molenplein op It Hearrenfean fanwege 'corona endparty'

31 des 2020 - 18:36

Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat foar it Molenplein op It Hearrenfean in needbefel ôfkundige. Dat hat te krijen mei plannen foar in 'corona endparty' dy't dêr oan de ein fan de middei wêze soe foar in supermerk. Der wiene 77 persoanen dy't harren oanmeld hiene foar dit evenemint, mar úteinlik die bliken dat der gjin ûngeregeldheden ûntstien binne.

It Molenplein op argyfbyld - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Op sosjale media, mei flyers en op WhatsApp wie in oprop dien om nei de endparty te kommen. Dy berjochten kamen ek by minsken fan de hurde kearn fan SC Hearrenfean en oanhingers fan 'Onrecht TV' terjochte. Mooglik soene de minsken de iepenbiere oarde fersteure.

Driging 'van dusdanig karakter'

De flyers hawwe foar ûnrêst soarge by ûndernimmers op It Hearrenfean. Neffens de gemeente wie de driging fan in 'dusdanig karakter' dat sy noed hiene oer 'ernstige wanordelijkheden en/of oproerige bewegingen.' Op 19 en 26 desimber hawwe der neffens de gemeente ek ferlykbere oproppen en gearkomsten west op in oare lokaasje op It Hearrenfean.

Ut sintrum wei

Boargemaster Van der Zwan hie it befel ôfkundige dat alle minsken dy't de iepenbiere oarde fersteure soene mei 'opruiend of wanordelijk gedrag', by oanwizing fan de plysje of hanthaveners út it sintrum wei moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)