Wat te dwaan mei mist op de dyk?

Foar it twadde jier op rige liket it dizich te wurden yn de âldjiersjûn en -nacht. Dat is de foarsizzing fan waarman Piet Paulusma. Hy warskôget it ferkear om rekken te hâlden mei glêdens en min sicht. Mar as je dochs yn de auto stappe, hoe kinne je dan it bêst gefaarlike situaasjes foarkomme?
© ProNews
"Het is heel goed om je te realiseren dat het weer mistig kan worden", seit ferkearspsycholooch Cees Wildervanck. "Je moet voorbereid zijn op het feit dat je een mistbank in kunt rijden."
Wildervanck hopet dat minsken dit jier ekstra goed neitinke foardat se de dyk op geane. "In deze tijden met corona zullen sommige mensen zich afvragen wat te doen. Wel of niet de deur uit? Als je zit te dubben, kan dit een argument zijn om niet op pad te gaan."
Ferline jier ûntstie in ferkearsgaos op de A32 en de A7, wêrby't mei-inoar tsientallen auto's belutsen wiene. Ien persoan oerlibbe in slim ûngelok op de A32 by Akkrum net, twa minsken rekken slim ferwûne.
"Het was vorig jaar heel plotseling", seit Wildervanck. "En als je er niet op rekent, dan is die verandering zó groot. Je hebt een overgangsperiode voordat je gewend bent aan de nieuwe omstandigheden. Als je erop voorbereid bent, scheelt dat al veel. Dan is het gemakkelijker om snel en adequaat te reageren."
Allinnich taret wêze is dus net genôch, mar wat is in 'adekwate' reaksje? Yn alle gefallen snelheid minderje, mar net as in gek op de rem traapje: "Bij voorkeur niet te hard remmen, want dan heb je kans dat je een kettingbotsing teweegbrengt. Je kunt beter geleidelijk snelheid minderen." En je moatte goed yn de gaten hâlde oft der ferkear flak efter je sit. "Rydt dêr neat, dan kinne je wol hurder remje. "Als je wel heel hard remt en langzaam gaat rijden, dan is het handig om je waarschuwingslichten aan te doen om de mensen achter je te waarschuwen."

'Ik zie niks, dus er is niks'

Guon minsken ride, nettsjinsteande de mist, dochs noch hurd troch. "Als je 80 gaat rijden met de dichte mist, word je soms toch nog ingehaald door mensen met 100 of 120", seit Wildervanck. "Mijn filosofie: mensen denken onbewust 'ik zie niks, dus er is niks'. Daarom is het goed om te kijken wat je nog wél kunt zien."
It ûngelok op de A32 ferline jier stiet noch in soad minsken by. Jolanda Koen siet mei in freondinne en twa bern yn de auto, seit se. Doe't se de sneldyk opdraaiden by Akkrum wie der noch neat oan 'e hân, mar oan de ein fan de oprit seagen sy neat mear. "We draaiden de autoruten iepen en it wie sa deastil", fertelt se. "Dat wie hiel ferfrjemdzjend. We ha besocht om te helpen, mar doarden net oer de dyk, want we koenen hearre dat auto's opinoar klapten."

Sa ticht as in muorre

"Die avond zit noch in mijn geheugen gegrift", seit Maaike Triemstra, dy't mei twa oaren ûnderweis wie. "Het was verschrikkelijk. Bij Akkrum ontstond er uit het niets een mistbank, zo dicht als een muur. We moesten bovenop de rem." Nei in goed oere koene se fierder, mar it duorre noch wol twa oant trije oeren foardat se thús wienen. "We hebben elkaar omhelsd en een potje gejankt door de spanning."

"Twa lytse famkes efteryn 'e auto, wat no?"

"By Akkrum waarden we troch de plysje fan 'e dyk helle", seit Winanda Brander. "Lyk foar ús wiene meardere ûngelokken bard en we mochten net fierder. We koenen gjin meter foarút sjen. En dat mei twa lytse famkes efteryn 'e auto, wat no?" Uteinlik ha se de auto stean litten en nei it treinstasjon fan Akkrum rûn. "Mar der gie gjin trein mear nei Frjentsjer. Myn omke en tante binne doe oer Ljouwert riden, ha ús oppikt op it stasjon en feilich yn Frjentsjer ôfsetten. Dat wie ek gjin noflike rit, mar stadichoan kamen we der wol. Wat wiene wy bliid."

"Oriënteren was onmogelijk"

Anja Nieuwenhuis-Yntema fan Wolvegea hat noch altyd lest fan wat der ferline jier bard is. "Het was net alsof je je ogen dicht hebt, alleen dan volledig wit", skriuwt se. "Ik ben als een gek uit de auto gesprongen en gevraagd of er gewonden waren en of er al 112 was gebeld. Een vrouw die haar auto in de vangrail had, was al huilend aan het bellen. Diezelfde vrouw gebaarde dat ik per direct achter de vangrail moest komen. Ik dacht: jemig, wat is die vangrail hoog."
Uteinlik thús komme wie net ienfâldich: "Oriënteren was onmogelijk. Ik heb de alarmverlichting aan gedaan, de auto's die ik tegenkwam namen dit over. Het was niet alleen een middel om zichtbaarder te zijn, maar ook om zelf iets meer te kunnen zien." Nei in 'horrorrit' is se úteinlik thúskaam yn Wolvegea. "Nu, bijna een jaar later, heb ik er nog steeds last van. Als het mistig is of hard regent en ik de witte strepen niet goed kan zien, maar ook wanneer mensen onverwacht remmen op de snelweg."
Gewoanwei hawwe je op de dyk ferskate sinjalen wêrtroch't je troch hawwe hoe hurd je ride. "Bordjes, lijnen, bomen", seit Wildervanck. "Maar bij mist ontbreekt dat. En in een moderne auto hoor je ook niet hoe snel je gaat. Dat maakt het extra moeilijk om nog veilig te rijden. Probeer daarom in ieder geval te zoeken naar dingen die je wel ziet."
Tagelyk is it wichtich om, hoe min oft it sicht ek is, fiederop te sjen. "Als je in de dichte mist rijdt, ben je het meest gefocust op de dingen die dichtbij zijn. Dan zie je niet of er verderop iets aan de hand is. Als je steeds een paar meter voor je kijkt, merk je de lichten in de verte niet op."
Als de sodemieter de auto uit en achter de vangrail.
As je yn in grutte oanriding komme, moatte je neffens Wildervanck net yn de auto sitten bliuwe
By ekstreme mist, lykas in jier lyn, kinne je noch sa je bêst dwaan, mar doe wie der neat te sjen. "Het houdt soms een keer op inderdaad", seit Wildervanck. "Het is daarom wel handig om je audioradio aan te houden. Niet met keiharde radiomuziek, maar met verkeersinformatie. Als er dan iets bekend is, kom je dat in elk geval te weten."
En as je, nettsjinsteande de foarsoargsmaatregels, dochs yn oanriding komst yn de mist? Wildervanck: "Dan moet je als de sodemieter uit de auto en achter de vangrail. In de auto blijven geeft een beschermd gevoel, maar dat moet je niet doen."
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
In oare rûte kieze, bygelyks oer de provinsjale dyk, hat neffens Wildervanck net in soad doel. "In het algemeen gebeuren er veel meer ongelukken op provinciale wegen dan op snelwegen. Je hebt het principe 'duurzaam veilig': voortuigen met verschillende massa's en in verschillende richtingen houd je uit elkaar. Op de snelweg heb je geen kruisingen en geen fietsen en auto's door elkaar. Dat vermindert de kans op een botsing al vele malen. En met de mist kun je dat risico zelfs vermenigvuldigen."