Ein makke oan fjoerwurkferkeap yn winkel oan Zuidvliet yn Ljouwert

31 des 2020 - 17:54

Yn in winkel op it Zuidvliet yn Ljouwert waard tongersdei tsjin de regels yn fjoerwurk ferkocht. Minsken stiene foar de winkel om fjoerwurk út te kiezen yn de etalaazje en dêrnei te bestellen. Fjouwer boa's hawwe yn de middei in ein makke oan de ferkeap.

Foto: Kappers Media

Gewoanwei is de winkel yn dizze perioade ek in fjoerwurkwinkel. Der waard no mar hiel licht fjoerwurk ferkocht. Dat mei, mar de wize wêrop't de winkel dat die is net tastien.

Trefwurden: 
Ljouwert fjoerwurk Zuidvliet
(Advertinsje)
(Advertinsje)