Drûge woarst en mûlkapkes foar de âlderein yn Makkingea

31 des 2020 - 17:28

Foar âldjiersploegen is der net in soad oan dit jier. "Het is wel wat saai", seit ek foarsitter Jort Bijstra fan de Makkingaster Oudejaarsploeg (M.O.P.). Dochs kamen sy tongersdeitemiddei byinoar om dêrnei drûge woarst en in mûlkapke mei logo fan de âldjiersploech hûs oan hûs te fersprieden.

Drûge woarst en mûlekapkes foar âlderein Makkingea

Yn totaal giet it dêrby om 110 adressen dêr't minsken fan boppe de 70 jier âld wenje. Gewoanwei wurdt dat de jûns dien en dan wurde de jonges ek faak binnen útnûge foar in oaljekoek of drankje, mar dat kin no net. Dochs fernimt Bijstra dat it sosjale kontakt ek op dize wize wurdearre wurdt: "Ze hebben de laatste tijd weinig sociale contacten en dan merk je wel dat ze toch wel behoefte hebben aan even een praatje", seit Bijstra.

De âldjiestunt is oars in hiel barren yn it doarp. Bijstra: "Normaal gesproken beginnen we al weken van tevoren met het bouwen van onze stunt. En die presenteren we dan oudejaarsavond om half één 's nachts. Dit jaar kon dat helaas niet doorgaan door corona."

(Advertinsje)
(Advertinsje)