Sweedske kampioensploech Loes Geurts bliuwt dochs wol bestean

31 des 2020 - 17:16

De kampioensploech fan keepster Loes Geurts fan Hichtum bliuwt dochs bestean. It Sweedske Göteborg FC soe ophâlde te bestean, sa waard tiisdei melden. Mar de klup giet no dochs troch om't der in protte reaksjes binnen kamen op it nijs. De foarsitter fan de klup wol mei ferskate partijen om tafel om de finânsjes rûn te krijen. Yn novimber waard it team fan Geurts noch kampioen fan it lân.

Loes Geurts - Foto: Orange Pictures

Ferrast, lilk en drôvich

De 34-jierrige Geurts joech earder oan dat de opheffing fan de klup as in grutte ferrassing kaam. "Opeens zit je gewoon zonder club, echt totaal onverwacht. We hebben een paar weken geleden zelfs nog een nieuwe speelster aangetrokken. Dan lijkt het er niet op dat je gaat stoppen. Blijkbaar is het besluit op 17 december al genomen, na ons duel in de Champions League. Iedereen is enorm verrast, in shock, boos, verdrietig, noem alle emoties maar op..."

Geurts kin no by de klup bliuwe en har tariede op de Olympyske Spelen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)