Brân by Aqua Plaza op It Amelân: op ferskate plakken kaam reek út gebou

De brânwacht is tongersdeitemiddei útriden foar in brân by it eardere swimparadys Aqua Plaza yn Nes op It Amelân. Op ferskate plakken kaam der reek út it gebou wei, dêrom hat de brânwacht rekken holden mei in middelbrân.
© Google Street View
It swimparadys stiet oan de Molenweg yn Nes. De brânwacht hat ien brânkearn fûn yn ien fan de baden, it fjoer dêr is yntusken út makke. De brânwacht is dêrnei úteinset mei fentilaasje en neikontrôle.