Ina Sjerps as earste froulike boargemaster nei Harns, de 'andere havenstad'

De nije boargemaster fan Harns is sûnt woansdei bekend: Ina Sjerps. Sy folget Roel Sluiter op, dy't nei njoggen jier ophâldt. Sjerps (61) hat al wurke yn in soad stêden yn Nederlân, yn 2018 wie se gemeentesekretaris yn Rotterdam. No giet de berne Westfries nei de 'andere havenstad'. Sy neamt Harns de moaiste stêd fan Fryslân. Se seit ek dat se 'dankbaar en vereerd' is.
Ina Sjerps © Gemeente Harlingen
Rotterdam is in hiel oare omjouwing as de gemeente Harns, dy't mar ien stêd (Harns) en twa doarpen (Mullum en Winaam) hat. Fierder is boargemaster wêze nij foar har, mar se hat er betrouwen yn: "Ik probeer me altijd zo goed mogelijk aan te passen. Ik zal in het begin zeker een fout maken, maar dat is menselijk."
Boppedat sy hat yn har tiid as gemeentesekretaris yn Rotterdam fiif boargemasters meimakke. Sjerps seit hjiroer: "Ik heb hiervan veel geleerd en ik probeer nu mijn eigen weg te vinden."

Havenstêd

Sy wennet noch yn Den Haag, mar Sjerps en har man hawwe Harns 'uitgebreid' besocht. De haven hat in grutte rol spile yn har kar om de nije boargemaster te wurden. Se seit, "Ik geniet altijd zo van de zee en het strand. Maakt niet uit of het regent, ik loop nog steeds langs de zee."

Striid foar gelikenens

De striid foar gelikenens is de reade tried troch har karriêre. Dêrom fynt se it 'ekstra' leuk dat se de earste froulike boargemaster fan Harns wurdt. "Sociaaleconomisch ligt er in Harlingen een heel interessante opgave", seit Sjerps.
As de nominaasje fan Sjerps troch de kening bekrêftige wurdt, is de ferwachting dat Sjerps begjin juny beëdige wurdt.