Persoan oanholden by brân op âld fabryksterrein oan de Pôlle op De Lemmer

De brânwacht hat tongersdeitemiddei in brân bestriden oan de Pôlle op De Lemmer. Neffens omstanners is der ien persoan oantroffen, dy't troch de plysje oanholden is. Wat der krekt yn 'e brân stien hat, is net bekend makke.
© CAMJO media
De brânwacht hie it fjoer rap ûnder kontrôle. Yn de ôfrûne jierren hawwe der op it terrein al ferskate brânstichtingen west. Oan de Pôlle stiet in âld en no leechsteand fabrykskompleks, bekend ûnder de namme Houtmolen. Op it terrein moatte noch wenten komme.