Grut ûndersyk nei fynst deade frou yn hûs Dokkum: gjin sprake fan misdriuw

31 des 2020 - 16:00

De plysje wie sûnt woansdeitenacht yn Dokkum dwaande mei in grut ûndersyk nei de dea fan in frou. It lichem fan de frou waard fûn yn in hûs oan De Kwartel yn de stêd. Neffens de plysje giet it net om in misdriuw.

Foto: De Vries Media

De helptsjinsten waarden woansdei om 18.00 oere hinne ynskeakele, mar dy koene doe al neat mear dwaan. Sûnt tongersdeitemoarn wiene ferskate ienheden fan de technyske resjerzje dwaande mei in ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Dokkum deade frou
(Advertinsje)
(Advertinsje)