Marsumer (24) oppakt mei 101 nitraten nei't er de plysje wegere

31 des 2020 - 15:34

Yn Marsum is in 24-jierrige man oanholden nei ferskate meldingen fan fjoerwurkoerlêst. De plysje fan Ljouwert koe de man op 'e died trappearje: sy seagen him fjoerwurk ôfstekken en in hûs yn gean. De man wegere de plysje, mar mei in machtiging is de plysje dochs de wente binnenfallen. De man is oanholden en yn syn auto binne 101 nitraten fûn.

Foto: Shutterstock.com (C. Welman)

Om't de man de plysjeminsken wegere, hat de help offisier fan justysje in machtiging opmakke om it hûs yn te kommen. De fertochte is dêr oanholden, wêrnei't er ynsletten is foar fierder ûndersyk. It fjoerwurk út de auto is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
plysje Marsum fjoerwurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)