Jongelju wolle de macht: partij JONG wol nei de Twadde Keamer

31 des 2020 - 15:22

Jacob de Groot fan Gaast omsirkelet 17 maart 2021 op 'e aginda. Op dy dei binne de Twadde Keamerferkiezingen en syn partij JONG is ien fan de 89 registrearre partijen. Wat begûn as in grap, soe samar in echt aventoer wurde kinne.

Twadde keamer - Foto: Shutterstock.com

It begûn yn 2016 yn de neisleep fan in badmintontoernoai yn Makkum. Jacob de Groot fan Gaast filosofearre mei wat freonen oer polityk. "Ik wol bêst de polityk yn", sei De Groot. "Mar allinnich mei myn eigen partij." Oer in pear moannen kin dit werklikheid wurde.

Yn 2017 die De Groot mei oan de gemeenteriedsferkiezingen fan Súdwest-Fryslân. De partij miste krekt in sit. "Wy kamen krêkt hûndert stimmen tekoart." Wol wie it konsept hiel goed en fan dat momint ôf groeide de partij rap.

Stim jonge minsken

Op de fraach wêrom't er dizze partij opsette, sei De Groot: "Ik tink dat de jonge minsken te min te sizzen hawwe yn 'e polityk." Hast 5 miljoen jongelju (0 oant 25 jier) wenje yn Nederlân. "Polityk giet oer de takomst fan jonge minsken, net? Oprjochte partijen hawwe wol in jongeeinôfdieling, mar dy hawwe net folle te sizzen."

Wat is wichtich foar jongelju? Studearje, nei de kroech gean of dyn earste hûs keapje. Neffens De Groot is klimaat ek ien fan de wichtichste punten. "De jongerein is de takomst, dus is it ek wichtich dat der noch in noflike omjouwing om te libjen is foar de folgjende generaasje." Stúdzjeskuld en de huzemerk wurde ek besprutsen. Tsjintwurdich is it hiel lestich om in hûs as starter te keapjen, om't de prizen sa heech binne.

Gjin partijlieder

Jacob is de oprjochter fan partij JONG, mar hy is net de partijlieder fan 'e jonge partij. Hy hat dêr gjin ambysjes foar. "Op it stuit sit ik yn 'e middenmoat, net heech, haha." De lieder fan 'e partij is de 19-jierrige Jaron Tichelaar. Dochs soe Jacob hiel grutsk wêze as syn partij op 17 maart in sit krijt yn Den Haag. "Fansels hoopje ik dat wy 1 of 2 sitten krije. Eltse sit is in bonus. " De list fan de partij wurdt nije wike bekend makke.

Oft hy oer in pear jier noch in posysje hat by JONG bliuwt in fraachteken. "Ik bin al 27 jier en dan bin ik net mear 'echt' jong."

Jacob de Groot oer Partij JONG

(Advertinsje)
(Advertinsje)