257 nije coronabesmettingen yn Fryslân, mear as trochsneed

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 257 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It binne der 46 mear as woansdei, doe't 211 gefallen meld waarden. It deistige tal meldingen kin aardich skommelje en dat hat te krijen mei de feestdagen. It deistige trochsneed fan de ôfrûne wike is 235 besmettingen.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
It werklike tal besmettingen leit nei alle gedachten heger. Yn dizze perioade litte minder minsken har teste. Foar it earst yn sân wiken hat GGD Fryslân minder testen ôfnommen as in wike earder. De GGD tinkt dat minsken mei klachten har mei de feestdagen net teste litte wolle en it útstelle of hielendal gewurde litte.

Measte besmettingen yn Ljouwert

Yn de gemeente Ljouwert binne tongersdei de measte nije besmettingen meld, nammentlik 36. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 35. Opfallend is it hege tal besmettingen op twa eilannen: 9 op It Amelân, 7 op Skylge.
Der binne 3 minsken oan it firus ferstoarn yn de ôfrûne 24 oeren, twa yn de gemeente Dantumadiel en ien yn gemeente Ljouwert. Fierder is der ien persoan it sikehûs yn rekke, yn de gemeente Hearrenfean.
Lanlik binne tongersdei 9.719 nije besmettingen meld. Dat binne 232 mear as woansdei.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.