Achterútridende auto rekket fuotgonger op De Gordyk

31 des 2020 - 13:34

In auto en in fuotgongster binne tongersdeitemiddei oan de Badweg op De Gordyk mei elkoar yn botsing kaam. De bestjoerder fan de auto ried achterút in parkearplak by supermerk Jumbo ôf en seach de frou oer de holle.

Foto: SrFotografie

De frou is neisjoen troch ambulânsepersoniel en dêrnei ôffierd nei it sikehûs. De plysje hat it ûngelok yn kaart brocht en tsjûgen heard. De frou har man, mei wa't se tegearre rûn, rekke net ferwûne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)