Boargemaster Kramer oer oerlêst Eanjum: "Mei hannen fan helptsjinsten ôfbliuwe"

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân fynt it soarchwekkend dat de ME (Mobiele Eenheid) woansdeitenacht yn aksje komme moast yn Eanjum. In foar oerlêst soargjende groep minsken belage dêr de plysje en bekûgele harren mei stiennen, fjoerwurk en bierfleskes. Der komt neffens de boargemaster op âldjiersjûn lykwols net ferskerpe tafersjoch yn it doarp. "It hinget derfan ôf wat der bart."
Boargemaster Johannes Kramer
In groep minsken skeat fjoerwurk en karbid ôf yn it doarp. Minsken klagen deroer en wiene benaud, ferklearret Kramer: "We hawwe in stik as sân, acht meldings krigen." De plysje naam dêrop poalshichte. "Se rûnen tsjin linten en triedden oan. Dêrnei waarden se bekûgele. Der leine ek al stiennen klear."
De plysje frege dêrnei assistinsje fan de ME. "Dy hat mei skyld en helm troch it doarp rûn. En doe wie it oer. Hjir en dêr troffen se noch minsken oan. Dy hawwe se ferteld om 'op te donderjen', om it sa mar te sizzen. Dêr hawwe se gehoar oan jûn."
De reaksje fan de plysje:
Kramer hat noch gjin kontakt hân mei doarpsbewenners. "Ik besykje yn de rin fan de middei kontakt te sykjen mei it doarpsbelang. As minsken yn noed sitte of benaud binne oer wat der om harren hinne bart... Dat kin gewoan net. Dêr moatte we tsjin optrede."
Foar âldjiersjûn lizze der draaiboeken klear sadat alles goed ferrint. Kramer hat dêr alle fertrouwen yn: "We hawwe ek ynvestearre yn de gearwurking mei de karbidploegen om derfoar te soargjen dat elkenien him goed oan de regels hâldt. Ik ha krekt by in pear ploegen del west en se hâlde har goed oan de regels. Ik tink dat it jûn goedkomme sil."

Unfoarsisberens

Der sit lykwols in 'element van 'onvoorspelbaarheid' yn, seit Kramer. "De minsken dy't in fergunning hawwe, binne by ús bekend. Mar der binne ek groepen dy't wy net op de radar hawwe en wat dogge dy? We kinne mar ien ding dwaan en dat is ús goed tariede. As der wat bart, moatte minsken derop rekkenje kinne dat de helptsjinsten der binne om harren te helpen."
De ME is der tongersdeitejûn net by yn Eanjum, mar stiet wol paraat mocht it wer út de hân rinne. "It hinget derfan ôf wat der bart. De ME wurdt ynset as de plysje dat nedich achtet", seit Kramer. Dêrby stiet Eanjum net ekstra yn de skynwerpers. "Nei oanlieding fan tongersdeitemoarn lette we dêr net ekstra op. Mar we hâlde alles goed yn de gaten. Foarop stiet dat je mei de hannen fan de helptsjinsten ôfbliuwe moatte."
Eanjum