GGD: Rekôrtal besmettings; jongerein hat muoite mei coronamaatregels

31 des 2020 - 12:02

It oantal nije coronabesmettings yn Fryslân is de ôfrûne wike oprûn ta in rekôrhichte fan 1.861. Yn dizze sifers binne de besmettings fan tongersdei net meinaam. GGD Fryslân jout de sifers dit kear in dei earder frij yn ferbân mei âldjiersdei. De sûnenstsjinst merkt dat jongerein muoite hawwe mei de coronamaatregels rûnom de jierwiksel.

Jongerein hat muoite mei coronamaatregels

De ôfrûne wike kamen der 1.861 besmettings by, gemiddeld 266 deis. In wike earder wie it deigemiddelde 256. Mei fjouwer persint is de stiging dizze wike folle minder heech as de ôfrûne trije wiken, doe't de stiging eltse kear 30 oant 40 persint.

De ferswierde lockdown liket dus effekt te hawwen, mar soarget noch net foar in delgong. "Ondanks minder testen, zien we iets meer besmettingen. Laten we hopen dat we nu langzamerhand bij de piek komen en daarna omlaag gaan", seit GGD-dokter Everhard Hofstra.

De measte besmettings binne neffens him noch altyd yn de thússfear. "Dat is de grootste bron van besmettingen. Maar ook in verpleeg- en verzorgingshuizen. We hebben het goed in beeld, maar het blijft zorgelijk."

Alderein

Der rekken mear santichplussers besmet. Harren oandiel yn it totaal rûn op fan 11 nei 13 persint. Ek it oandiel minsken tusken 50 en 60 jier waard grutter. Yn de leeftydsgroep 12 oant 18 jier rûn it oantal besmettings werom.

De besmettingsgraad yn ferpleech- en fersoargingshûzen bliuwt stabyl heech. De ôfrûne wike binne der wer goed 100 minsken besmet rekke. Tsien nije lokaasjes waarden troffen troch it coronafirus. Op 52 lokaasjes binne no ien of mear besmettings of dy hawwe der west. Under mear ferskate lokaasjes fan Patyna binne sletten foar besikers nei't der corona fêststeld waard by bewenners. De Fryske sikehûzen fange mear coronapasjinten út de eigen regio op.

Jongeren muoite mei maatregels

Ut in panelûndersyk ûnder 2.282 ynwenners fan Fryslân die bliken dat 88 persint fan de Friezen der begryp foar hat dat se mei de jierwiksel maksimaal twa gasten thús ûntfange meie. Jongeren fan 19 oant 25 jier hawwe mear problemen mei de maatregels. Fan harren seit 23 persint him der net mear oan te hâlden.

Fan alle ûnderfrege panelleden seit 80 persint gewoan thús te bliuwen mei de jierwiksel. De rest giet nei freonen (11 persint), nei famylje (6 persint) of earne oars nei ta (3 persint). Hast trijekwart stiet achter it fjoerwurkferbod om húsdokters en sikehûzen te ûntlêsten. 62 persint tinkt dat it ferbod ta minder oerlêst op strjitte liede sil. By de leeftydsgroepen 19 oant 25 en 25 oant 35 jier is dit 53 persint.

Psychyske klachten en iensumens

De regels mei Ald en Nij hawwe in soad ympakt op jongerein, seit 38 persint fan harren. Sy ûnderfine ek faker psychyske klachten en iensumens as oare leeftydsgroepen.

GGD Fryslân drukt jongerein op it hert har dochs oan de regels te hâlden. De groep soarget noch altyd foar in grut part fan de fersprieding fan it firus. Yn in wike testen 343 Fryske jongeren fan 19 oant 25 jier posityf (24 deis). Dit is tsien persint fan it totaal oantal besmette persoanen, wylst de groep sân persint fan de Fryske befolking útmakket.

Boppedat wurdt neffens de GGD nochal ris fergetten dat ek jongeren troch corona slim siik wurde kinne. Der binne ferskate foarbylden fan jonge sporters dy't nei in healjier noch hieltyd klachten hawwe. "Bedenk daarbij wat er wel kan op anderhalve meter. Het is een kwestie van je één keer aanpassen tijdens een jaarwisseling", seit Hofstra.

Foar it earst yn sân wiken naam it oantal troch GGD Fryslân ôfnommen tests net ta. Dit komt benammen trochdat rûn de krystdagen folle minder tests ôfnaam binne. GGD Fryslân tinkt dat minksen mei klachten it testen doe útsteld of ôfsteld hawwe.

Der waarden yn in wike 10.719 tests ôfnaam, gemiddeld 1.531 deis. In wike earder wiene dit 1.910 deis.

Foar tongersdei binne der neffens GGD Fryslân 'mar' 1.000 minsken ynpland foar in test by de GGD. Dat betsjut dat it oantal fêststelde besmettings de kommende dagen ek leger útfalle sil. Dit betsjut mear romte foar it boarne- en kontaktûndersyk, sadat der wer mear sicht op it firus komt.

It oantal ferstoarne coronapasjinten en it oantal pasjinten dat opnaam wurdt yn it sikehûs nimt ta. Dizze wike binne der 16 minsken ferstoarn oan it coronafirus. Allinnich heal novimber wie dit oantal heger (17 stjergefallen). Der wiene tsien nije opnames yn de Fryske sikehûzen.

Fjouwer Fryske gemeenten hiene noch net earder sa folle besmettings as dizze wike: Noardeast-Fryslân, Hearrenfean, Smellingerlân en Harns.

Everhard Hofstra fan GGD Fryslân ljochtet de nijste sifers ta

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)