In film mei in wol hiel skruten haadpersoan: 'De otter, een legende keert terug'

31 des 2020 - 10:42

It is fan natuere gjin bist foar yn de spotlights: se binne skou, libje yn grutte gebieten en skrikke ek nochal gau. It giet om de otter: dy't dus gjin ideale haadpersoan foar in dokumintêre is. Dochs woe Hilco Jansma yn syn film 'De otter, een legende keert terug' sjen litte hoe't it bist in plakje ferovere hat yn de natuer fan Noard-Nederlân. Sneon giet syn film yn premjêre op NPO1.

Foto: Shutterstock

Hy wie der al foar warskôge: it soe sa goed as ûnmooglik wêze om de otter op byld te krijen. Mar dochs gie filmmakker Hilco Jansma de útdaging oan, en no, trije jier letter, is de film oer it sûchdier yn Noard-Nederlân klear.

Jansma krige dêrby help fan in soad kenners, lykas in echte 'otterspotter', en in biolooch dy't by syn wenboat yn Grins hieltiten in otter swimmen seach. Troch in soad by dizze Grinzer grêften del te rinnen, koe Jansma it bist úteinlik op film sette. "Yn it tsjuster sjogge minsken de otter net, mar ik hie it foardiel dat ik tipt wie", seit Jansma.

Echte swervers

"De otter is in hiel skou bistje, hy libbet benammen 's nachts", fertelt de filmmakker. Boppedat: hawwe je se ien kear fûn, dan kin it ek nochris sa wêze dat se it oare momint alwer ferhuze binne. "Otters binne echte swervers. Dus ast it op in plak besikest dêr't it earst wol slagge, kin it der dêrnei samar leech wêze. Dan moatte je wer op syk nei nije gebieten. Dat kostest in ôfgryslik soad tiid."

'Zoetwaterambassadeur'

Mar it ferhaal oer de otter makke Jansma net foar neat. "Ik wol de otter in moai poadium jaan", seit er. Lange tiid kaam de otter net mear foar yn de natuer fan Noard-Nederlân. De lêste otter waard yn Fryslân oerriden. Dêrnei soe it wer 14 jier duorje foar't it sûchdier wer útset waard. "Der wie yn dy tiid noch in soad milieufersmoarging", seit Jansma. "Dus de natuer hie in soad herstel nedich."

Mar dat it skouwe bist yntusken wer te plak is yn Noard-Nederlân, lit er sjen yn syn dokumintêre. Jansma: "It is de 'zoetwaterambassadeur' fan Nederlân. Dêr stiet it symboal foar."

Hilco Jansma

(Advertinsje)
(Advertinsje)