Natuer yn it coronajier: hieltyd mear minsken, mar ek mear fernielings en drûchte

31 des 2020 - 09:07

Omdat we dit jier amper wat dwaan koene yn ferbân mei de beheinende coronamaatregels, wiene der hieltyd mear minsken dy't de natuer yn lutsen. Mar dêr waard net allinnich fytst of kuiere: yn dyselde natuergebieten wiene der ek fernielings. Dêrneist wie it in drûch en hjit jier, en wie der yn bygelyks Bakkefean in brân.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Boskwachter Henk-Jan van der Veen fan Steatsboskbehear tinkt dat wy ek yn Fryslân hieltyd mear wurdearring krigen foar de natuer yn dit coronajier. "Als ik zo om me heen kijk: er wandelen meer mensen, er fietsen meer mensen in de natuur."

Mar de oare kant fan it ferhaal is de oerlêst: fernielings, brân lykas by fûgelsjochhut by Iesumasyl en fansels it stoaren fan de bisten. "Met name in de broedperiode heb ik wel gezien dat als mensen hun hond loslaten lopen in bossen of weilanden dat dat broedende vogels stoort", seit Van der Veen hjiroer. "Wat we vaak zien is dat loslopende honden ook reeën grijpen. Dat is een heel bloederig tafereel."

Wettertekoarten

Mar der is noch in ferskynsel dêr't Steatsboskbehear de hannen oan fol hie yn 2020: it wikseljende waar. Yn maart waard it ûnferwachts hiel drûch. "Halverwege de maand sloeg het weer om, dan krijg je met enorme watertekorten te maken, waterverdamping, dan moet je wel nadenken over waar je het water vandaan haalt", seit Van der Veen.

Neffens de boskwachter is benammen it kwelwetter goed foar de seldsume natuer. "Vooral aan dat kwelwater ontstaan een gebrek, en juist de zeldzame soorten groeien daar bij. Als je dat gaat missen heb je een probleem."

Henk-Jan van der Veen fan Steatsboskbehear

(Advertinsje)
(Advertinsje)