Plysje yn Eanjum bekûgele mei stiennen, fjoerwurk en bierfleskes; ME grypt yn

31 des 2020 - 09:54

In groep fan tritich oant fjirtich persoanen hat woansdeitenacht yn Eanjum aginten bekûgele mei stiennen, fjoerwurk en bierfleskes. De ME (Mobiele Eenheid) moast om 4.30 oere yngripe om de iepenbiere oarder te werstellen. Der is gjinien oanhâlden.

Kramer oer Eanjum

Neffens de plysje hie de groep brantsjes stichte en fjoerwurk ôfstutsen, wêrtroch't de plysje fan doarpsbewenners ferskate meldings fan oerlêst krige. De groep soe op meardere plakken stiennen klearlein hawwe.

Doe't plysje-aginten it doarp yn giene, waarden sy beleage troch de groep. Se waarden bekûgele mei stiennen, fjoerwurk en bierfleskes. De aginten moasten har foar harren eigen feiligens weromlûke en skeakelen de help fan de ME, de oproerplysje, yn. Dy werstelde de iepenbiere oarder yn it doarp.

'Unakseptabel'

Luuk Verhoeff, wiernimmend teamchef fan it basisteam Noardeast-Fryslân, neamt it geweld nei plysjeaginten ûnakseptabel. "Aginten hawwe in ferantwurdlike rol yn de mienskip en sy moatte sûnder dêryn hindere te wurden harren wurk dwaan kinne. Gelokkich rekke der gjin inkelde agint ferwûne."

Doarpsbelang Eanjum lit yn in earste reaksje witte dat se it spitich fine dat it doarp op dizze wize yn it nijs komt en dat se eltse foarm fan geweld ôfkarre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)