'Dankjewel voor 2020': Online evenemint foar jongerein mei Ald en Nij

31 des 2020 - 07:59

Om foar te kommen dat jongerein him ferfele sil mei Ald en Nij organisearje nijsplatfoarm Suksawat, poppoadium Neushoorn en zzp'er-kollektyf Mooiedingenmakers tongersdeitejûn in spesjaal online evenemint. 'Dankjewel voor 2020' is betocht om dochs knallend it jier út te gean, no't der gjin fysike eveneminten binne fanwegen de beheinende coronamaatregels.

Poppoadium en kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Fan 20.30 oere ôf is it evenemint fia dankjewelvoor2020.nl online te folgjen. It is de bedoeling dat der mei de hiele stêd Ljouwert, mar ek dêrbûten, ôfteld wurdt nei 2021.

Twa presintatoaren fersoargje yn De Grote #Dankjewelvoor2020 Aftelshow ûnder oare in bingo. Suksawat sjocht mei sjoggers en harkers werom op it ôfrûne jier mei in spesjaal jieroersjoch. Dêrneist is der in 'Liwwadder Quiz', muzyk fan ferskate dj's, in 'love hour' en der komme bysûndere gasten.

"It is in ynteraktive show dêr't elkenien oan meidwaan kin", leit Rutger de Wit fan de organisaasje út. It is neffens him de bedoeling dat elkenien dûnsjend meisjocht.

Betankje

'Dankjewel voor 2020' is benammen betocht om jongerein derfoar te betankjen dat se har sa goed oan de coronamaatregels hâlde. Der wiene yn Ljouwert in soad inisjativen om elkoar te helpen en minsken seagen nei inoar om. "De gemeente sjocht dat ek en wy wolle de Ljouwerters dêrfoar betankje", seit De Wit.

It evenemint is bedoeld om jongerein mei âldjiersdei en -nacht in moaie jûn te besoargjen. "Yn stee fan dat jongerein om tolve oere de stêd yn giet, moat der in reden wêze om lekker thús te bliuwen en feest te fieren mei de húshâlding."

#dankjewelvoor2020, organisearre troch Neushoorn, Suksawat en Mooiedingemakers is yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert en de Ljouwerter hoareka.

Rutger de Wit oer 'Dankjewel voor 2020'

(Advertinsje)
(Advertinsje)