Brânwacht rydt út foar ferskate brannen yn Fryslân

31 des 2020 - 07:11

Rûnom yn Fryslân hawwe woansdeitejûn brantsjes west. It wie twa kear raak yn Kollum en ien kear yn Koatstertille.

Foto: De Vries Media

Yn Kollum wie oan it begjin fan de jûn in bûtenbrân oan de Tjerk Hiddesstrjitte. Op it parkearterrein neist de Van der Bij-hal stie in bulte ôffal yn 'e brân. De brânwacht hat dy mei hegedruk dwêsten. De plysje sette de achterfolging yn achter fuortdravende jongerein oan, dy't it fjoer nei alle gedachten oanstuts.

Letter dy jûn wie der wer in brân yn it doarp. Dit kear stiene der oan it Maartensplein pallets en oar ôffal yn 'e brân. Ek dêr koe de brânwacht it fjoer al gau útmeitsje. Wa't de dieders wiene, is net dúdlik.

Fjoerwurk

Earder woansdeitejûn wie it raak yn Koatstertille. Dêr hie ien nei alle gedachten fjoerwurk smiten yn ûndergrûnske kontener oan de Dahliastrjitte, wêrnei't der brân ûntstie. De brânwacht hat de kontener folrinne litten mei wetter, wêrnei't de brân smoard waard. Wa't der ferantwurdlik is foar it fjoer, is net bekend.

Trefwurden: 
Kollum brân Koatstertille
(Advertinsje)
(Advertinsje)