Syktocht nei fermiste frou yn wetter Snits smyt neat op

De plysje hat woansdeitejûn op it wetter yn Snits oeren socht nei in fermiste frou. Om 22.30 oere hinne kaam der in melding binnen dat in frou yn de Houkesleat oan de Oude Oppenhuizenweg bedarre wie.
© CAMJO media
In foarbygonger hie de frou sjoen. Doe't hy efkes letter wer sjen gie, wie de frou ferdwûn. De plysje waard ynskeakele. Dy hat mei in plysjeboat op it wetter socht nei de frou.
Foar de wissichheid waarden der in traumahelikopter en ambulânes ynskeakele, mar dy kearden werom. Ek in dûkploech fan de brânwacht waard derby helle. Dêrneist socht de brânwacht mei in heechwurker boppe it wetter.
De plysje en de brânwacht troffen lykwols neat oan, wêrnei't de sykaksje beëinige waard.