Fryske Top 100: Gurbe Douwstra mei 'Cliffs of Moher' op nûmer 1

31 des 2020 - 18:14

Gurbe Douwstra stiet mei Cliffs of Moher op nûmer 1 yn de Fryske Top 100. It is de tsiende kear dat Douwstra mei dit nûmer op it earste plak stiet. Yn 2018 waard Oele Plop de ferrassende oanfierder fan de list, mar yn 2019 stie Douwstra wer boppe-oan. Op dizze âldjiersdei wiene oant 18.00 oere wer de bêste Fryske nûmers te hearren.

Njoggentich fan de hûndert nûmers yn de Fryske top 100 wiene al bekend. Mar de top 10 is bekend makke yn it lêste part fan de útstjoering.

De top 10

10. Wiko's - It Bûthúsbankje (ferline jier op 9)

9. Marcel Smit & Gerbrich van Dekken - In part fan dy (ferline jier op 13)

8. Rolling Home - Fries om utens (ferline jier op 6)

7. Twarres - Wêr bisto (ferline jier op 10)

6. Piter Wilkens - It paad werom (ferline jier op 7)

5. Gurbe Douwstra - As it myn tiid is (ferline jier op 5)

4. De Kast - In nije dei (live) (ferline jier op 3)

3. Reboelje - Marije Maria (ferline jier op 2)

2. Die Twa - Fûgels (ferline jier op 4)

1. Gurbe Douwstra - Cliffs of Moher (ferline jier ek op 1)

Rekôrtal stimmen

It thúsbliuwen hat it Fryske publyk massaal oan it stimmen brocht: 10.497 minsken hawwe har fiif favorite Frysktalige ferskes trochjûn. Dat is in rekôr. In protte lieten dy't keazen wurde, litte in corona-effekt sjen. Sa komt Joop Spykstra mei it liet 'Leve yn Corona tiid' binnen op 29. Sander Metz, dy't in protte muzyk makket yn fersoargingshuzen, stiet mei 'As it libben mistich wurdt' op 44.

Opfallend oan de oare njoggentich nûmers is 'Skriem om my' fan Carla de Bruine. Dat komt nij binnen op plak 11. Piter Wilkens komt ek dit jier wer it faakst foar yn de top 100, mei acht ferskate nûmers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)