Thialf ûntkent fraachtekens Erben Wennemars oer luchtstream yn iisstadion

30 des 2020 - 22:42

Mei de kwalifikaasjetoernoaien fan ôfrûne wykein waard der suggerearre dat Thialf in meganyske luchtstroom op gong brocht hie wêrtroch't reedriders kontinue foar de wyn hiene. Under oaren Erben Wennemars woe graach in 'geruststellend antwoord' fan Thialf en die in oprop op sosjale media. Thialf is no mei in antwurd kaam en seit dat it grutte oantal rekôrs neat te krijen hat mei de luchtroasters.

Argyffoto fan Thialf - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Als de luchtstroom gemanipuleerd is, kan ik nooit meer tijden met elkaar gelijken. Dan kan ik de prestaties niet meer in perspectief zien," skreau Wennemars op syn Instagram. Hy makke him soargen en stelde trije fragen. Dêr hat Thialf antwurd op jûn.

"Geen invloed op prestaties"

De prestaasjes fan de riders binne altyd in kombinaasje fan faktoaren, fynt it bestjoer. De foarm fan de rider, de luchtdruk en de iiskwaliteit. "Het draaien van de roosters heeft in onze optiek daar geen enkele invloed op gehad."

Thialf leit út dat der gjin 'blowers' yn Thialf hingje, der is wol in luchtbehannelingssysteem om lucht yn te bringen, te ferdielen oer de baan en wer oan te sûgjen. Mar dat systeem is net makke om 'meewind te creëren op de baan,' skriuwt Thialf.

Luchtroasters

Fierder binne der luchtroasters efter de boarding om in luchtgerdyn te meitsjen tusken de boarding en de tribune, sa't it publyk gjin ynfloed hat op de wedstriden. Yn novimber binne dy roasters in stikje draaid, dêrtroch wurdt de lucht net mear streekrjocht omheech mar skean nei boppe blaasd. "Omdat de lucht nog steeds bovenin wordt afgeblazen aan de zijkanten van het stadion heeft dit geen effect boven de 400 mtr. baan."

Mei de fernijbou binne yn it ferline net oeral roasters makke, mar trochdat se no skean steane, binne alle gatten yn it luchtgerdyn ticht makke. "Het draaien van de roosters is gericht op behoud van de bestaande luchtcirculatie boven de baan en niet op het creëren van extra circulatie," sa skriuwt Thialf ta beslút.

Foto: Erben Wennemars
(Advertinsje)
(Advertinsje)