Kjeld en tsjûke mist op âldjiersjûn en -nacht ferwachte, warskôging foar glêdens

30 des 2020 - 22:23

Waarman Piet Paulusma ferwachtet dat we 2020 ôfslute mei in kâlde en dizige âldjiersjûn en -nacht. Ferkear moat dêrtroch rekken hâlde mei glêdens en min sicht, warskôget er. Ferline jier ûntstie der in ferkearsgaos op âldjiersjûn doe't der tsientallen auto's yn tichte mist opinoar botsten op de A32 en de A7. In 58-jierrige frou út Dokkum kaam dêrby om it libben.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Paulusma: "Aldjiersjûn en âldjiersnacht kâns op mist en tsjûke mist, temperatueren 0 en -1. Dat betsjut dat der kâns is op ferriederlike glêdens en yn mistgebieten matich of min sicht."

Op âldjiersdei is der oerdeis in soad bewolking mei in buike, benammen yn it Waadgebiet komt de sinne dertroch. De temperatuer oerdeis 4 graden. In fergelykber waarbyld ferwachtet Paulusma foar nijjiersdei. Nei it wykein krije we stadichoan kâns op wat mear winterske buien.

Piet Paulusma mei de waarsferwachting foar de kommende dagen

(Advertinsje)
(Advertinsje)