Ina Sjerps foardroegen as nije boargemaster gemeente Harns

30 des 2020 - 21:14

Ina Sjerps (61) fan Den Haag is troch de betrouwenskommisje en gemeenteried foardroegen as nije boargemaster foar de gemeente Harns. Sy is keazen út in seleksje fan 25 kandidaten. De ried sjocht yn Sjerps in sterke en ûndernimmende boargemaster dy't goed by Harns past.

Ina Sjerps - Foto: Gemeente Harlingen

Sjerps folget boargemaster Roel Sluiter op, dy't op 1 july oanjûn hat dermei op te hâlden yn maaie 2021. De oanbefelling wurdt mei in advys fan de kommissaris fan de Kening nei de minister fan Ynlânske Saken stjoerd, dêrnei kin de Kening Sjerps offisjeel beneame.

(Advertinsje)
(Advertinsje)