Oan it wurk yn de ferkearsgaos fan it deadlik mistûngelok 2019: "Op dat moment zag ik niks"

It deadlik ûngelok yn de kettingbotsing by Akkrum dy't ûntstie yn de tsjokke mist op âldjiersjûn fan ferline jier hat in protte yndruk makke op de minsken dy't derby wiene. Tsientallen auto's kamen mei-inoar yn botsing op de A7 en de A32, en in 58-jierrige frou fan Dokkum kaam dêrby om it libben. Ingrid Weert prate dy jûn de parse by as wurdfierder fan Brânwacht Fryslân. Se sjocht werom op it dramatyske foarfal.
Wurdfierder Ingrid Weert fan Brânwacht Fryslân © Omrop Fryslân
Oant it momint dat brânwachtwurdfierder Ingrid Weert oproppen waard, wie it in gewoane âldjiersjûn foar har. Se wie op besite by de skoanfamylje doe't se de melding krige. "Op het moment dat je pieper gaat, meerdere keren achterelkaar, dan weet je al dat het een groter incident is dan gewoon een klein brandje", fertelt Weert. Se krige troch dat it om in slim ûngelok gie, yn de mist, mei meardere slachtoffers en se moast der fuortendaliks hinne.
"Dat was wel even een dingetje. We wisten natuurlijk dat het erg mistig was. Ik was op dat moment bij mijn schoonmoeder in Britsum, want we waren traditioneel oliebollen aan het eten daar. De weg van Britsum tot aan de snelweg viel eigenlijk wel mee, maar één keer op de weg richting Akkrum werd het wel echt vreselijk mistig. Dat ik me wel afvroeg, wat doe ik hier en durf ik dit? En kan ik hier veilig komen? Maar ja, als je één keer op de weg zit, dan is er ook geen weg meer terug. Dan moet je wel verder."
Normaal gesproken geven wij duiding over hetgeen dat wij zien, maar op dat moment zag ik niks.
Ingrid Weert, wurdfierder fan Brânwacht Fryslân
Op it plak fan de ferkearsgaos oankaam, seach Weert eins neat. "Normaal gesproken geven wij duiding over hetgeen dat wij zien, maar op dat moment zag ik niks." Dochs wie se dêr om de parse op 'e hichte te bringen. Se moast it dwaan mei de ynformaasje dy't se trochkrige fan kollega's. "Dat zijn politie, Rijkswaterstaat, Bevolkingszorg, de brandweer. Dat is een goed geoliede machine op zo'n moment."
It wie hektysk. Pas nei de tiid, yn de auto werom nei hûs, koe se wat bekomme. Tagelyk kaam ek it besef dat se net op tiid thús wêze sil foar de jierwiksel. "Je adrenalineniveau gaat zakken. Je rijdt naar huis, het is twaalf uur op dat moment, en je weet dat je het niet gaat redden om tijdens de jaarwisseling bij je eigen familie te zijn. De vuurpijlen zie je dan om je heen schieten en op zo'n moment realiseer ik me wel eventjes: wat zit ik te miepen? Er is iemand die heeft gewoon niet meer een jaarwisseling met z'n partner, en dit jaar ook niet. Dus, ook dit jaar zal zeker mijn gedachte daar nog wel even naartoe gaan."
Wurdfierder Ingrid Weert fan Brânwacht Fryslân