Auto bedarret yn fangrail tusken Sumar en Nyegea

30 des 2020 - 20:51

By Sumar is woansdeitejûn in bestjoerder mei de auto fan de Sintrale As yn de fangrail bedarre. Der rekke net ien ferwûne by it ûngelok.

Foto: De Vries Media

It ûngelok barde yn de rjochting fan Nyegea. De plysje hie ien rydstripe tydlik ôfsletten foar ferkear. De auto rekke flink skansearre en is yntusken wer fan de N356 helle.

Trefwurden: 
ûngelok Sumar Nyegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)