Aldjiersgrap yn Burgum: stellen Blauwe Hûn dûkt op

30 des 2020 - 20:09

It stellen keunstwurk fan de Blauwe Hûn dy't yn Burgum komme moat is terjochte: de hûn stiet yn de fiver foar it plysjeburo yn Burgum. Ferline wike ferdwûn de hûn fan 1.500 kilo út brûnsjitterij Kenmer yn it Noard-Brabantske Cuijk. Mar it keunstwurk is wer fûn, mei in lytse feech út 'e panne fan de âldjiersferiening. Njonken de hûn stiet in spandoek mei "Ik sta klaar... Bouwen maar!".

Foto: De Vries Media

It byld is makke troch keunstnersduo Albert Dedden en Paul Keizer fan Deventer. Yn april foelen riedsleden fan Tytsjerksteradiel noch oer de oankeap: it kolleezje jout yn coronatiid 75.000 euro út oan in keunstwurk dat se 'in hûn mei in lampe yn 'e bek' neame. De timing wie ferkeard, fûnen guon partijen. Oaren tochten dat it om in 1-aprilgrap gie, mar dochs is it keunstwurk fan sa'n trije meter heech oankocht.

Mar doe rekke de hûn koartlyn ynienen wei. Op 28 desimber skreau keunstner Dedden noch op Facebook: "Afgelopen kerst is tot onze verbijstering de 'Blaue Hont' verdwenen uit de stal van bronsgieterij Kemner in Cuijk".

Aldjiersferiening

Mar, sa lit hy woansdei witte: "Na een paar spannende dagen en nachten, is er een busje gesignaleerd op de A7 richting Burgum met aan boord een tamelijk uit de kluiten gewassen Blauwe Hond. Inmiddels is de Blaue Hont opgedoken voor het Politiebureau in Burgum en kunnen we Oudjaarsvereniging verantwoordelijk houden voor de ontvreemding van de hond bij de Fa Kemner uit Cuijk. Zo te zien zijn de quarantaine regels nageleefd en zit de Blaue Hont geïsoleerd op een ponton in de vijver."

Van Sminiaplein yn Burgum

It keunstwurk fan de hûn moat op it nije Jonkheer Hobbe Baerdt van Sminiaplein yn Burgum komme. Dat nije plein moat op de krusing fan de Noardersingel en Tsjibbe Geartsstrjitte komme. De namme fan it plein komt fan in grytman en boargemaster út it ferline: Hobbe Baerdt van Sminia (1823-1851). It projekt heart by de werynrjochting fan Burgum nei de komst fan de Sintrale As.

Bou sjit net op

Neffens de berjochten soe de blauwe hûn net langer op it ferhûzjen wachtsje wolle. De hûn 'hie hope dat er op 1 jannewaris al yn Burgum wenje soe', mar 'it sjit spitigernôch net sa op mei de bou fan de nije wenten yn Burgum.' Oan it Van Sminiaplein moatte trije gebouwen komme mei hoareka en winkels beneden en apparteminten op de ferdjippingen derboppe. It giet om sa'n 35 apparteminten dy't oer trije gebouwen ferparte wurde.

Keunstner Dedden is wiis dat syn hûn wer terjochte is: "Paul en ik hebben ons de afgelopen dagen enorm gesteund gevoeld door al jullie hartverwarmende reacties en hebben altijd geloofd in een positieve afloop, nooit hebben we het idee gehad dat we onze lieve schat ergens uit een illegale smeltoven op moesten vissen, of dat hij ergens in een willekeurig asiel terecht zou komen, zonder een liefdevol baasje/bazinnetje..."

Sa moat it der letter út komme te sjen - Foto: Dedden & Keizer
(Advertinsje)
(Advertinsje)