Progressieve Actie Leeuwarden feroaret op 1 jannewaris definityf yn GroenLinks

De namme 'PAL GroenLinks' yn de gemeenteried feroaret op 1 jannewaris definityf yn 'GroenLinks Leeuwarden'. Yn oktober hawwe de leden fan de politike beweging PAL al besletten dat de feriening opheft wurdt, omdat it oantal leden bot weromrûn is.
© PAL GroenLinks
De fraksje seit dat de politike idealen wol bestean bliuwe, mar dan ûnder de namme fan GroenLinks. PAL stie foar Progressieve Actie Leeuwarden en waard yn 1978 oprjochte troch leden fan de linkse partijen PSP, PPR, CPN en de pleatslike groep Axies. Sûnt 1992 foarme PAL mei de lokale ôfdieling fan GroenLinks in fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert.