Feestlimûsine ferrast Frjentsjer by de foardoar

30 des 2020 - 18:16

De muzyk fan de knalpearze limûsine is troch de strjitten fan Frjentsjer te hearren. DJ Almer Fokkema ferrast mei syn partywein winners fan in buorrelpakket. It is allegearre ûnderdiel fan Franeker on Air.

Franeker On Air

De Frjentsjerter hoareka mist geselligens en dêrom hawwe sy in idee betocht: Franeker on Air. Tiisdei begûn it online feest mei in livestream mei muzyk fan artysten út de regio, in bingo en it Rad van Franeker. De trije horekasaken de Bogt fen Gune, Grandcafé de Doelen en Tapperij 't Noord binne de inisjatyfnimmers fan it projekt.

Foardoarfeest

By sa'n online konsert kin in hapke en in drankje fansels net ûntbrekke. Minsken koene in buorrelbox bestelle en by in oantal fan harren waard dy op in hiele spesjale wize ôflevere.

"Eltse fiifde of tsiende bestelling en sa fierder krijt Almer mei syn auto foar de doar," seit Pieter van Dijk, eigener fan Grandcafé de Doelen. DJ Almer bout dan in lyts feestje by de foardoar, en dat fynt hy geweldich. "Ik bin bliid dat ik minsken wat jaan kin, troch wat posityfs yn dizze dagen. Minsken wurde wer hielendal bliid, dat is echt geweldich."

It livestreamkonsert giet woansdei noch oant 2.00 oere yn de nacht troch.

Ferslachjouwer Jantine Stoffers yn Frjentsjer

Trefwurden: 
Frjentsjer dj feest Limûsine
(Advertinsje)
(Advertinsje)